Bestjoerslid Lieuwe kaam mei in idee. “Wy ha al in skoftke gjin pearkekeatsen mear hân. In kear besykje?” Jawis! En as klapper wie der der ek noch in sponsor fûn: Keet Nazareth. Dat sa is it kommen. Lieuwe hat om him hinne appt, belle en praten, en yn in sucht en in skeet stiene der mar leafst 20 partoer op de list.
Freed 21 augustus wie it safier, en it waar wie knap. Ynearsten. Letter ek wol goed hear, ôfsjoen fan in (pittich) buike no en dan. 7 oere jûns begjinne, dus nei in skoftke waarden de ljochten oansetten. Njonkelytsen rekken de earste partoeren fan de list en it waard flink frisser. Dries Posseth wie efkes nei hûs west te douchen en hie in lekker dik fest oandien. “Ik ha ûnderweis in skiep slachte”, sie ‘er.
Nei tolven wie it oan de finales ta. Yn de winnersronde koene Gosse de Haan en Eva Rob it net oprêde tsjin Daniël en Anna Rob om in finaleplakje te pakken. Sadwaande gie de striid om de krânsen tusken de prima keatsende Ewoud Walda en Tessa van der Kramer (steand nûmer) en broer en sus Rob. Ûndanks it goeie spul fan Ewoud en Tessa hiene sy net hiel folle yn te bringen tsjin it geweld fan Daniël en Anna. Tige terjochte winners dus.
Yn de feriezersronde gie de earste priis nei ynisjatyfnimmer Lieuwe Ypma en Brecht Grovenstein. Twadde waarden Pieter Hilverda en (jierdei fierende) Anneke Rob. Lokwinske oan alle priiswinners.
O ja, de priizen. Dat wiene bioskoopbonnen. Ien per partoer, dus tegearre nei de film!
Mei grutte tank oan sponsor Keet Nazareth.
Winnaarsronde:
1 Daniël Rob en Anna Rob
2 Ewoud Walda en Tessa vd Kramer
3 Gosse de Haan en Eva Rob
Verliezersronde:
1 Lieuwe Ypma en Brecht Grovenstein
2 Pieter Hilverda en Anneke Rob

