Skip to content

Ofrûne snein 31 maaie waard yn ús doarp in prachtige wedstryd ôfdieling jongens-pupillen ferkeatst mei 32 partoer op de list. ‘De klappers’ út Hantum (Geert Johan Kuipers, Sytze de Vries en Jacob Jesse Kuipers) rûnen der wat út dizze dei en wûnen sûnder al te folle swierrichheden yn de finale fan Wytmarsum (Ids Koopal en Lennart Wagenaar).

Thúsploech Winsum, mei keatsers Johannes Heerma, Tjalling Sietsma en Klaas-Jelle Greidanus rekke der yn de earste omloop ôf, mar keatste dêrnei yn de herkansingsronde foartreflik. Winsum wûn yn de einstriid fan team KNKB mei Jort Kronemeijer en Tymen Meirink.

Lokwinske, ek foar coach Poppe Heerma!

Sponsoren

 
 
Back To Top