Skip to content

Totaal koene we dit jier 14 kear keatse, einliks 15x mar 1 kear is it ôf last yn ferban mei de waarmte. At je dus alle partijen winne kin je op 98 punten komme. Wat ik sjoen haw is der elke tiisdei te jûn keats mei in hiele protte wille, der wurd teminsten hiel wat ôf lake. No kinne die froulju dat sowieso wol natuerlik, mar ik fyn it prachtich, want dan witte je wer at je it foar dogge!  Want at jim wille ha, haw ik it ek… en miskien gean ik dan ek noch wol in pear jier troch.

We ha dit jier 2 prizen by de manlju en 3 by de froulju, der binne op it momint gewoan mear froulju as manlju. Elke wike mar 1 as twa perkjes by manlju, dat soe fansels wol wat mear wêze kinne. De prizen by de manlju binne ferdield oer twa man, die beide wiene der ek hast elke wike. 

2e prijs foar … In man die yn it tuskenspul al tiid op it goeie plak stiet, en yn it perk ûnderhânsk gjin bal fertroud is… Durk, Mei 71 punten

 1e priis is dan foar… Ien die neffens my elke tiisdei te jûn oppas regelje moat om te kompetysje keatsen, en tocht fan ik mat tôch hast ek ris mei myn namme yn die beker! Net 1 kear mist en 83 punten (derom koene se de lêste kear ek wol efkes by elkoar) … it is slagge Sietse!

 Dan de froulju…

Dat wie ek best wol spannend op it lêst, der siet oant foarige wike mar 1 punt ferskil yn. No tocht ik, dan mat dizze twa dames de leste kear mar efkes tsjin mekoar. Moai betocht mar helaas…. komt der 1 net opdagen. Ik haw it hjir oer twa bern fan us foarsitter, hy hat der in hiele protte mar ik haw it hjir oer Anna en Eva!

No ja Eva… do wiest der net de lêste kear (blesseare hear ik no krekt… hiel spitich) dus de 1e priis is foar Anna mei 78 punten De twadde dus foar Eva, mei 73 punten. Sa as al hearder neamt haw ik dan ek noch in tredde priis, en die is foar Imca, mei 64punten.

 Bedankt allegearre, en hoop dat jimme der takomt jier wer by binne.

 Pieter

Sponsoren

 
 
Back To Top