Skip to content

It is yntusken wat yndaald: Winsum hie op ôfrûne 1 oktober yn de poule-wedstriden neat yn te bringen tjsin de Spaankse en Belgyske kampioenen. Op de pelotebaan fan it leaflike Hasnon, dêr’t de jûns dêrfoar ek de iepeningsseremoany plakfûn, wiene respektivelik Orba (Valencia) en Thieulain in royale maat te grut. De geselligens om it toernoai hinne hat dêr trouwens net al te folle ûnder lijd.

Op it haadfjild yn Maubeuge waarde Team NL (op de list as Frjentsjer) de oare deis kampioen troch earst Bitgum, en letter op de dei it favorite Orba te ferslaan yn in prachtige, tige spannende finale. Winsumer Johannes Boersma is coach fan Team NL, dus dat koe moai as oerwinning fierd wurde. En dat is tige goed slagge.

Op de foto yn de swarte shirts de Spanjaarden, mei twadde fan links “El Magico” (De tovener) Diego, ien fan de útblinkers fan it toernoai.

In folslein ferslach fan it Champions League toernoai is te lêzen yn de earstfolgjende edysje fan de NijsDok.

Sponsoren

 
 
Back To Top