Skip to content

Op 6 augsutus wûn Winsum de twadde priis op de Freule. It wie in bjusterbaarlike reeks partijen dy’t Ale Reitsma, Jesse Greidunus en Jelmar de Vries keatst hiene yn de oanloop nei dizze dei. Sneon yn Wytmarsum twadde, yn Frjentsjer op snein de earste priis. Dan binne je yn foarm, en dat bliek op de Freule sels ek.

De earste partij op it byfjild tjsin Easterein wie in formailieit (5-0 6-0) en de twadde omloop tsjin Raerd rûn lyksa ôf: (5-0 6-0). Jobbegea koe op it haadfjild op de tredde list noch ien earst beneikomme (5-1 6-0), mar dat wie it ek. Yn trije partijen ien earst tsjin, dan wol it omraak keatse.

Op fjirde list wachte Ouwesyl. Dêr siet folle mear spanning yn, sjoen de einstân fan 5-5 6-2 yn it foardiel fan Winsum. Dan wachtet nei in steand nûmerke de finale tsjin Stiens, dy’t mei alle fertrouwen yngien waard.

It rûn foar gjin meter, sa kin de finale fanút Winsumer eachpunt it bêste gearfetten wurde. In pear moaie slaggen, skitterjende kearaksjes, mar ek flaterkes. Te folle. Mei in tsjinstanner dy’t sa goed as foutleas keatst geane je der dan ôf. De altyd rêstich bliuwende coach Johannes Boersma hie de ôfrûne tiid in hecht partoer smaaid, mar ek hy koe mei opsweepjende gebaren de beleving der  by de jongens net mear yn krije. Einstjebeslút wûn Stiens (Yde Bokma, Pieter Miedema en Bauke Jetze Kalsbeek) mei 5-1.

De teloarstelling wie grut, mar doe’t alles wat besonken wie, ek de wearde fan it beheljen fan it wadde plak op de grutste jongenswedstryd fan Fryslân. Fanslels lokwinske oan Stiens mei de oerwinning, mar blinder noch oan ta: ek oan ús eigen Ale, Jesse en Jelmar mei harren coach Johannes. In prestaasje fan formaat!

Sponsoren

 
 
Back To Top