‘Samen maak je het verschil’
Wat betsjut dat eins? Samen? Volgens Van Dale: in elkaars gezelschap; = gezamenlijk: we gaan samen; samen uit, samen thuis wat je gezamenlijk onderneemt, moet je ook gezamenlijk beëindigen
En dy tekst kloppet, want in ein kaam der juster oan ‘Samen’ en in ‘Ûndernimming’ waard ‘beeindige’.
As keatsferiening binne wy wiis mei ús sponsors. En juster ha wy ofskie nimme matten fan 1 fan ús haadsponsoren. Siebe en Jetske (COOP Tolsma) hawwe it beslút naam te stopjen as ûndernimmers en dermei kaam der in ein oan in jierrenlang ferskil meitsjen.
Hoe lang at ús ferbyntenis west hat, witte wy (as keatsferiening) net iens. Mar it soe samar 25 jier wêze kinne. 25 jier weryn’t je ‘samen’ it ‘ferskil’ makke hawwe. Sûnder de stipe fan Siebe en Jetske hiene wy net de feriening wêze kinnen wa at we no, en de ofrûne jierren, west hawwe. Alle suksessen, alle djiptepunten, súnder Coop Tolsma hiene we se oars belibbe.
Sieb en Jetske, nochris tige tank. “Tegearre ha we it ferskil makke”.