Op de lêste kompetysjejûn fan 16 septimber is Pieter Hilverda lauwere mei in krânse troch ‘syn’ kompetysjekeatsers en op offisjele wize troch foarsitter Richard Rob ûtroppen ta ‘lid van verdienste’. Dit is de heechste ûnderskieding foar in lid dy’t net bestjoerlid is (of west is). Der wiene moaie wurden foar Pieter. Net allinnich fan de foarsitter, mar ek fan Baukje de Vries út namme fan de keatsers.
Pieter hat it allegear dik fertsjinne. Net allinnich hat hy 25 jier it kompetysjekeaten regele, hy is op meardere mêden tige belutsen by de KV. Skiedsrjochter, karmaster, (mei)makker fan krammen, banken, kweapeallen, materiaalkarre, fjildlizzer, foaroanman by de realisaasje fan de keatsmuorre, en sa kin wy noch wol eefkes trochgean. It is fansels moai dat Pieter yn in protte (materiaal)dingen stipe wurdt troch syn baas, de Mannen van Staal. Tige wichtich.
Bert Groen en Baukje de Vries sille de taak fan Pieter wat kompetysje oanbelanget oernimme. Prachtich Bert en Baukje!
Yn ús keatshokje ha wy noch tige gesellich neisitten. Einliks is dat in understatement. It wie dik feest, en al hielendal doe’t de frituerpanne oanstutsen waard!