Skip to content

Champions League
It begûn allegear yn juny. Winsum wûn yn Littens op magistrale wize de finale fan it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote tsjin Bitgum en waard útnoege foar de Champions League troch it ynternasjonale keatsbûn CONFEDERACIÓN INTERNACIONAL DE PELOTA A MANO (CIJB). Ek de KNKB is hjirby oanslúten.

Llargues yn Maubeuge
De spulfoarm soe Llargues wêze, ferwant oan it peloten. Lokaasje: De stêd Maubeuge yn Noard-Frankryk. Foar Nederlân stiene ek Bitgum (ferliezend finalist) en Frjenstjer (Team NL) op de list.

Minne lotting
De lotting wie sa dreech as potstro mei spekfet. De Spaanske kampioen Orba (Valencia) en de Belgyske kampioen Thieulain wiene de tsjinstanders yn de earste spylronde. Dat hie nammers gjin inkelde ynfloed op de winsk om net allinnich mei spilers, mar ek mei in groep supporters ôf te reizgjen nei Frankryk yn it lêste wykein fan septimber. Jan de Haan en Johannes Boersma wiene de organisators.

Iepening toernoai
Oer de reis op freed kinne wy koart wêze: dy duorre lang. Files, mei nammen yn Belgelân. De jûns arrivearre elts krékt op tiid by de iepeningsseremoany yn it stêdsje Hasnon, sa’n 50 kilometer fan Maubeuge. En dat hiene de Frânsen goed regele. Dy kinst wol om in boadskip stjoere as it om iten en drinken giet. By it foarstellen fan de teams waard fuort al champagne skonken en stiene hapkes klear. Neitiid yn optocht mei it korps foarop nei it stêdhûs, dêr’t yn de prachtige riedsseal foar in dikke 100 man oan spilers en delegaasjeleden it diner fersoarge waard. Mei in lekker fol búkje werom nei it hotel yn Maubeuge.

Earste spylronde yn Hasnon
De Winsumer keatsers en coach Jelle de Lang moasten de oare moarns al op ‘e tiid fanút it hotel wer ôfsette nei Hasnon. Se hoechden de middeis pas te keatsen, mar it yntepen fan de hân nimt altyd in soad tiid. Yn it Llargues mei net spile wurde mei in want, dus de hân wurdt dan ynteept mei in soarte hansaplast en plakbân. In sekuer wurkje.

De supporters ha de moarns earst de moai oanklaaide keatsarena yn Maubeuge ferkend en wat partijen sjoen. De middeis reizgen ek sy ôf nei it pleintsje yn Hasnon, dêrt hytyd mear Winsumers oankamen. Mei de auto, mar ek in pear mei de camper. In leuke ploech hear. “Les Frisonnes”, gûnze troch it publyk.

Prachtich sinnich waar, in moaie sfear, superkâld bier, lûde oanfiteringskreten, mar…. gjin oerwinning op de Spanjaarden fan Orba, in regio by Valancia. In sterke ploech, mei de tovenaar Diego yn har midden. Wat kin dý man slaan. Alderferskuorrendst. Wol in pear moaie ballen fan Winsum, mei nammen fan Hessel, mar lykwols mei in skjinne telegraaf dag. Dêrnei even wat mear feeling tjsin de Belgen út Theuilain, mar ek sy wiene Winsum oermânsk. It aventoer wie wat keatsen oanbelanget foarby, it ferlies waard sportyf nommen. Werom nei Maubeuge.

Lotting foar finaleronde yn Maubeuge
Dêr wie de jûns yn de binnenstêd de lotting foar de oare deis, de finaleronde. Bitgum en Frjentsjer (Team NL) wiene der beide noch oan, en dy lotten tsjin inoar. In moai foarútsicht foar de oare deis. Yntusken hiene de Frânske gasthearen de tafels al wer fol mei iten, en dat giet altyd mei foargerjocht, haadgerjocht en neigesetsje. Dêr komt gjin board mei makroany of stamppot en in pak fla op  ‘e tafel. Neitiid yn it hotel noch in lyts drankje. Guon fan de hearen keatsers hiene yn it haltsje in automaat mei fleskes bier ûntdutsen. It merk hite: “Mort Subite”. Dat ha se de oare deis witten. Yndied sa wyt as in lyk.

Team NL en Spaanske Orba berikke finale
Fan ús ploech út Winsum en omkriten wie allinnich Johannes Boersma noch aktyf op it fjild, want dy is de bûnscoach, dus de coach fan Frjentsjer (Team NL). In moaie oanlieding om as supporters dizze ploech as ús nije favoryt te kiezen. De oare deis wer simmersk waar yn de arena fan Maubeuge. Ynearsten noch net in soad publyk, dus wat dogge se dan yn Frankryk? Dan stelle se de wedstryd in heal oere út. Like maklik. Let neat. It wie in spannende partij, mar Team NL wûn eintsjebeslút dochs wol wer maklik fan Bitgum, mei Hans Wassenaar en Tsjisse Steenstra as grutte nammen. Nei in koarte pauze mei hearlike woarst en hamburgers fan de barbekjû wiene de tsjinstanders fan Winsum fan de dei dêrfoar oan de beurt. Pedro en syn maten út Spanje wûnen fan de Belgen, dus dat waard Team NL (Frjentsjer) tsjin Orba yn de finale.

Winst Team NL
It rûn tjsin it ein de fan de middei, en it keatsplein yn Maubeuge waard stadichoan drokker. Sa’n finale lûkt dan dochs ek wol wat locals oan. De sfear wie foarôf al prachtich, mar hearken, wat waard it spannend. By de Spanjaarden spile Diego fansels wer de haadrol, mar diskear slagge net alles. Boppedat wie oan de Fryske kant de jonge Pieter Jan Leijenaar goed op slach yn it achterperk. Fierders hat Team nl  fabelachtich goeie opslaggers oan Marten Bergsma en Menno van Zwieten. De sterke Littenser Erwin Zijlstra en veteraan Renze Pieter Hiemstra makken it team kompleet. Coach Johannes Boersma loadste it team handich troch de dregere mominten, en einstjebeslút wie de oerwinning binnen. Winst yn de Champions League, foarwis gjin kattepis.

Feest
Wy hiene ûndertusken Pieter Hilverda al nei syn auto rinnen sjoen. Hy kaam werom mei sa’n lûdboks dêrst fia de telefoan musyk op ôfspyje kinst. “Dit is Wessel syn Jengelbox”, sei Pieter. “Dy Frânsen ha hjir hielendal neat oan musyk, no sil it heve”.

En dat kaam ek út. It heefde. Noch foar de priisútrikking wie it op it pleintsje fan de keatskantine fan Maubeuge al ien grut feest. Nei it Fryske folksliet, wêr’t de Frânsen aardich fan ûnder de yndruk rekken, barstte it feest hielendal los. Der is omraak songen en dûnse, der binne ritsjes op skootmobiels makke, der wie taapbier, letter fleskes, wer letter blikjes. En shirtsjes ruilje, dat koe ek net misse. Fierders opfallend: der wie ien man wêrfan elkenien tocht dat ‘er út Frankryk kaam. Sa floeiend koe Gosse de Haan Frânsk prate. Net te leauwen.

It feestje is noch eefkes trochsetten yn de kantine, in skoftke letter is ôfskied nommen fan ús Frânske gasthearen en alle oare keatsers dy’t der noch wiene. It team út Benidorm, bygelyks. Harren fleantúch soe om 4 oere fertrekke. Drege nacht foar de mannen. Yn de tún fan it hotel ha wy noch in ôfsakkerke hân. Dêrnei waard lekker sliept, dat gie eins fansels.

Grutsk
De weromreis gie oanmerklik flotter as de hinnereis. Der koe noch moai eefkes neipraten wurden oer dit wûnderlik moaie bûtenlânske aventoer. Ûnferjitlik. It wie spitich dat Winsum sportyf sjoen net yn de wedstyd komme koe, mar elkenien wie grutsk dat de mannen op dit alderheechste niveau meidwaan mochten.

Sponsoren

 
 
Back To Top