Foar’t Pieter yn de krânse siet en syn ûnderskieding opspjelde krige, moast ‘er fansels earst noch yn funksje. Yn syn lêste optreden as kompetysjelieder rikte ‘er wer op humoristyske wize de prizen út.
Lieuwe Ypma hie yn it foar al witte litten dat de titel him dit jier net ûntgean koe. Pieter rôp Lieuwe lykwols as earste nei foaren, wêrtroch de twifel tasloech… Dat betsjut de twadde, seachst Lieuwe tinken…. Wêrnei ’t Pieter sei: “Dan witte we fuort wa’t der wûn hat. Hjir is de krânse!”
By de froulje wûn Imca Leistra, dy’t dit jier wer in tige stabyl heech nivo sjen liet. Dik fertsjinne. By de mannen waard de nije kompetysjelieder Bert Groen twadde, by de froulju wie de twadde priis foar Ans Greidanus,
Lêste wapenfeit fan Pieter wiene de prizen: sels makke plankjes mei keatsblokjes en in keatsbal fuld mei Helling-muntsjes. Kom der mar ris op en fier it mar ris út. In ôfslúting alhiel yn styl.