Skip to content
Foto: website KNKB

Foto: website KNKB

Mei syn maten Pieter Jan Leijenaar en de ta kening útroppen Marten Bergsma wûn ús eigen Hessel Postma op 30 july de 172ste PC.

Yn de earste omloop wie noch wat spanning yn de partij te finen tsjin it partoer fan de Tsjommer opslager Steven Koster, mar de winst wie der op 5-4 6-4. Yn de twadde omloop wie dy spanning fier te sykjen, tsjoege de 5-0 6-0 tsjin Auke Boomsma en-dy. In walk-over om sa mar te sizzen.

De measte tsjinstân waard ferwachte yn de heale finale tjsin Johan Sipma, Gabe-Jan van Popta en Hendrik Kootstra. Dy hiene ommmers dit seizoen al frijwat haadklasse partijen wûn. Mar yn de foarm dy’t Hessel en syn maten op de hillige gersmatte fan Frjentsjer leinen moast ek dit partoer belies jaan.

Yntusken hie it partoer mei de twa feteranen Gert-Anne van der Bos en Teake Triemstra, oanfuld mei de Littenser Erwin Zijlstra, twa tige drege partijen keatst. Earst sloegen se ferrassend it favorite partoer fan Tsjisse Steenstra der ôf (5-4-6-2). Dêrnei wie it partoer fan paul Dijkstra oan de beurt, en dat soe op papier minder dreech wêze om de winnen. Dat wie it net. Van der Bos en-dy wûnen pas op 5-5 6-4.

Dan de finale. Hessel en syn maten tsjin in partoer nei in bak erfaring en de wil om skiednis te skriuwen troch wér te winnen. Achterôf kin men faaks sizze dat de winst fan van der Bos op Steenstra yn de twadde omloop geunstich wie fan it partoer fan Hessel. Misskyn wie dat sa, mar de wiize wêrop Hessel, Pieter-Jan en Marten yn de finale keatsten wie fenomenaal goed. Alle trije ûngenaakber. Skerp, atletysk, technysk perfekt, op en út. Tsjin dit partoer, yn dizze foarm, hiene ek Tsjisse Steentra en syn maten it heul, heul dreech krigen. Hessel, Pieter-Jan en in oer de hiele dei útblinkjende opslagger Marten Bergsma wûnen mei skjinne fiif earsten de finale.

Hessel, mar fansels ek Pieter-Jan en Marten: lokwinske mei dizze skitterjende oerwinning!

Sponsoren

 
 
Back To Top