De ynternationale top fan it keatsen komt dit wykein nei Fryslân. De bèste 3 teams út ‘e Belgyske kompetysje (Thieulain, Tourpes en Maubeuge), Spaanske topteams lykas Montserrat, Alzira en Montserrat en 4 Nederlânske teams (Bitgum, Sint Jabik, Dronryp en Frentsjer) sille stride om ‘e titel.
Sneontemoarn 27 septimber (9:30 oere) sil team Frentsjer, wèr at Hessel foar selektearre is, de earste poulewedstriid keatse tsjin Thieulain. Letter op ‘e moarn sil de twadde poulewedstriid spile wurde tsjin Montserrat. Ek middeis sil der moaie wedstriden te sjen wêze. De 4 poulewinners fan de sneon pleatse harren foar de heale finales dy’t snein 28 septimber om 9:30 oere begjinne sille. De finale wurd om 13:30 oere ferwachte.
Ùs Hessel is dit wykein net de iennichste Winsumer dy’t yn Bitgum omstapt. Robert Grovenstein en Pieter Hilverda ha de belangryke taak as skiedsrjochter en Johannes Boersma sil coach wêze fan Team Frentsjer.
Binne jo leafhabber fan it peloten (dèr liket Llargues in soad op), wolle jo Hessel oanmoedigje of bin je gewoan benijd hoe at it ynternationale keatsen wurket? Kom dan efkes del dit wykein oan de Alddyk yn Bitgum (terrein JDV-transport). De tagong is fergees. Spektakel en geselligens is garandearre.