Skip to content

In prachtige prestaasje fan Lianne Boersma, Amy Gilliam en Anouk Groen. Sy wûnen sneon 5 july de twadde priis op it NK, dit jier yn Wjelsryp. Yn de finale wie Boalsert folle sterker, mar allinnich al it berikken fan de finale, en it plechtige Wilhemus fan it korps sil foar de famkes in belevenis fan formaat west hawwe.

It finaleplakje wie trouwens dik fertsjinne. Yn de earste omloop waard Wytmarsum ferslein (5-4 6-4) en yn de twadde ronde wie Ysbrechtum it slachtoffer (5-3 6-2). Op de tredde list waard ôfweefd mei Moarre-Ljussens (5-3 6-4) en folge in ûnfoarstelber spannende heale finale tsjin Mantgum. Op 5-5 6-4 foel de lêste slach yn it foardiel fan Winsum.

Net te lang treure om de finale, want ferlieze fan it tige sterke Boalsert (Froukje Patricia Blanke, Rianne Cuperus en Lyset Westra is perfoarst gjin skande. Lokwinske oan Boalsert.

Sponsoren

 
 
Back To Top