Skip to content

Slotjûn kompetysje keatsen

Op dizze slotjûn dogge we meastal wat oare spul farianten, en dit jier hiene mar betocht om te Muorrekeatsen. Miskien kin we dan fuortendaliks noch wat minsken entûsjast meitsje. Bij de muorre kist fansels mar 8 man kwyt, dus hawwe der neist ek noch it Internationale spul dien. We koene sa om de 20 minuten moai troch wikselje en kaam elkenien oan bod.

Neffens us hat eltsenien him poer best fermakke en koene we om in oerke as healwei njoggenen oan de neisit begjinne. We dan altyd it knetterpantsje efkes mei en wat oare hapkes en drankjes, en meastal is it dan ek al wer gau gesellich. Mar… op sân slotjûn moatte der fansels ek in pear prizen út rikt wurde, mar foar dat we der mei begjinne mat der earst noch in pear oare dingen ferteld wurde.

Nei in tip fan Johannes, is de opjefte fan it kompetysje keatsen in bytsje feroare. In peiling ynfiere op de WhatsApp, dat wurket echt super handich. je kin yn ien eachopslach sjen hoefolle manlju en froulju siich op jun hawwe. En ek krije je dan net bij elke opjefte in berjochtsje en of beltsje.

Dan it seizoen, we bin einliks best wol hiel tefreden oer de opkomst dit jier. Wat nije ynwenners en jeugd der bij, kaam der op del dat we elke wike wol 5 tot 7 perken lizze koene. Prachtich fansels… no hat de organisator dit jier wol gauris efkes net meidien, en dat joech him moai de kâns om ris efkes by de froulju te sjen. Wol handich want dan kin je els syn kwaliteiten efkes better besjen, mar liek om let is dat net echt slagge. It wie naamlik sa dat it him opfoel dat se wol hiel fanatiek binne mar wol in hiele protte wille ha, en dat se hast mear op de grûn lizze dan dat se op de fuotten stean. Mar hoe dan ek, neffens ús ha jimme it hartstikke gesellich sa mei mekoar.

Dan de prizen, we begjinne dit jier mei de manlju. Der is de twadde priis wûn troch… in nijkommer die der al hielendal by heard, in mantsje die ek al in bytsje bier drinke kin haw we sjoen nei it nacht keatsen. We haw it hjir fansels oer Jelmar de Vries. Earste priis is foar ien wer we net sa goed fan witte wat we der oer fertelle moat. We hâlde it dus koart ; trije pas oanloopke, heech op foaryn, ouwehoere en in ferskrikkelik sterk skouder. Oftewol…. Bert Groen

Dan de froulju. Sa at jim witte giet de striid hjir de leste jierren meastal tusken de Robjes, ek dit jier draaiden se wer boppe yn mei mar… de twadde priis is hjir wûn troch: In dame die al in pear jier net mear yn Winsum wennet, mar it hjir noch hiel tiid aardich fint om te keatsen tinke we dan mar…. Yes-Anne

Dan de earste priis by de froulju foar de twadde kear op rij… tôch wer in Robje en fansels dik fertsjinne. Lokwinske Anna Rob

Oant safier…. takomt jier gean we der wer foar!

Sponsoren

 
 
Back To Top