Skip to content

Foto: KNKB

Martsen van der Goot, Noëlle Hiddinga, Brecht Renema, Fenna Koster, Aisha Mahmoud en ús eigen lid en kluptrener Brecht Grovenstein wûnen dit wykein twa kear goud by it EK jeugdkeatsen yn Ath, België.  It gie om it ynternasjonaal spul en de spulfoarm Llargues.

Yn it ynternasjonaal spul waard earst ferlern fan België, dêrnei waard wûn fan Baskelân, Ytaalje en Valencia. Yn de heale finale folge alwér België, mar dat wie diskear gjin probeleem (6-0), Yn de finale tsjin – ja ék wer –  Baskelân kaam Nederlân op 1-3 efterstân, mar de famkes wûnen eintsjebslút mei 6-3, ûnder lieding fan bûnscoach Harmke Siegersma.

Yn de finale fan it Largues wiene de famkes hielendal op dreef. Der waard mei 6-1 ôfweefd mei Valencia. En dat wylst de spulfoarm foar de Spaanske famkes folle fertouder liket. Earder op de dei waard wûn fan Baskelân.

De prestaasje fan Brecht past moai yn it rychje: finaleplak NK famkes pupillen, winst fan Hessel op de PC en finaleplak jongens op de Freule. In súkselfolle simmer foar de KV dus!

Lokwinske oan Brecht en har maten!

P.S. En nóch in Winsumer súkses yn dit toernoai: Bûnscoach Johannes Boersma waard mei syn jongens tredde yn in swier besetten dielnimmersfjild yn it Llargues. Op de slotdei waard wûn fan Valencia, wêrtroch it brûns mei gie nei Nederlân. Ek lokwinske foar Johannes en syn ploech!

Sponsoren

 
 
Back To Top